Wyns

Home > Inwoners > Wyns

Wyns

(194 ynwenners) Wyns is it lytste doarpke yn ‘e gemeente. Foarhinne hat it in wichtige rol spile. Yn de midsieuwen wie it it haadplak fan hiel Eastergoa, dêrfandinne ek de namme “distrikt Weningi”. Oer de Dokkumer Ie kamen fan alle kanten de grytmannen om yn Wyns harren sittings te hâlden. It rjocht fan Eastergoa stie beskreaun yn it “Karbief foar de heechste rjochtsynstânsje” te Wyns. It doarp is lyts bleaun, ek al wie der earder in mar mei in soad fisk. Wol wennen hjir al hiel betiid minsken; de fynst fan Romeinske munten jout dat oan.

Fierder sil Wyns wol lyts bliuwe, benammen om‘t de Ljouwerter F-16’s fierdere útwreiding fan it doarp tsjinhâlde. In bekend plak yn ‘e reedriderij – en dan foaral by in alvestêdetocht – is Bartlehiem even fierderop. Om 1170 hinne stifte de abt fan it kleaster fan Hallum dêr it nonnekleaster Bethlehem. Yn de omkriten fan Wyns leit ek noch in einekoai.

Contact opnemen

Raadhuisweg 7
9251 GH Burgum (adres en route)

gemeente@t-diel.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!
06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Suggesties voor verbeteringen van deze website?