Tytsjerk

Home > Inwoners > Tytsjerk

Tytsjerk

(1528 ynwenners) Tytsjerk is fêst wiis mei de omskriuwing “aan dit dorp daer de veerwaghens nae Groeningen end Leeuwarden plysteren, aen ’t E. v/d Swarte wech, heeft de gryteni syn naem”. Dat wie noch de tiid dat it doarp “Thiatzercka” hjitte en in wichtich plak ynnaam. It doarp lei geunstich oan it wetter nei de Middelsee en hie in wichtige rol by de ôffier fan wetter. De gritenij is hjir yn ‘e midsieuwen ûntstien as ferbûn fan doarpen. Fanwegen de strategyske lizzing fan Tytsjerk, ticht by de Middelsee, is de gritenij dêrom nei alle gedachten Tytsjerksteradiel neamd! Dêrnjonken wie it in ideaal jachtgebiet mei dobben en puollen: De Sanjes, Mariadobbe, Ketersweer, Herrewiid, Rypke en miskien Lousmar. Dêrfandinne ek it grutte tal bûtenpleatsen: Vijversburg, Toutenburg, Hanenburg, Woelwijk, Boekema State en Tienkamp.
It ynpolderjen fan de wetterskippen hie ta gefolch dat puollen en dobben tichtgroeiden, fan it jachtgebiet hast neat oerbleau, it tal einekoaien weromrûn fan 12 oant 3 en fan de bûtenpleatsen allinnich Vijversburg noch bewenne waard.
Doe’t begjin 1800 ek noch de Swarte Wei trochlutsen waard nei Hurdegaryp, kaam Tytsjerk besiden de ferkearsdyk te lizzen.

Contact opnemen

Raadhuisweg 7
9251 GH Burgum (adres en route)

gemeente@t-diel.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!
06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Suggesties voor verbeteringen van deze website?