Sumar

Home > Inwoners > Sumar

Sumar

1380 ynwenners) It falt op hokfoar grutte mienskiplike belangen der lizze tusken Burgum en Sumar; beide doarpen reitsje elkoar oan it Prinses Margrietkanaal en de yndustryen oan wjerskanten dêrfan. Sumar is in âld doarpke dat leit op ‘e grins fan sângebiet en leechfean. Foarhinne lei it oan de súdkant fan in lytse mar, dy’t letter ien gehiel waard mei de Burgumer Mar, dêrfandinne de namme.

Sumar hie in dowestiennen tsjerkje út ‘e tolfte, trettjinde ieu, mar yn 1769 kaam de tsjintwurdige N.H. tsjerke derfoar yn ’t plak. O sa moai binne de brânskildere ruten fan Ype Staak.De mûne hat in wichtich plak yn it doarpsbyld. As it feest is, draait de mûne mei en hast alle sneontemoarnen wurdt der in mûnderskursus jûn. Jo kinne dy ryklik hûndert jier âlde mûne ek besjen! Underwilens binne wy “de Koekoek” al foarby. Dat wie in útspanning yn de tiid doe’t de hynstetram (letter de stoomtram) noch troch Sumar kaam.

Geregeldwei waarden der reizgers ôflevere foar it boerke Knilles Wytzes, dat as wûnderdokter ferneamd waard (1837-1905).Master De Vries kweekte yn 1905 in nij soarte ierappels: de Bintsjes. Dy namme kaam fan ien fan syn skoalbern: Bintje Jansma. Yn 1999 hat keunstner Anne Woudwijk hjir in keunstwurk makke dat ferwiist nei master De Vries en it Bintsje.Sumarreheide (Sumar-súd) bestie by âlds út heidefjilden mei in tal spitketen. Der wurdt war dien om de hjoeddeiske wenmienskip yn stân te hâlden. Fan Sumar ôf kin jo by “Klein Zwitserland” oan de Iestwei del.

Contact opnemen

Raadhuisweg 7
9251 GH Burgum (adres en route)

gemeente@t-diel.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!
06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Suggesties voor verbeteringen van deze website?