Mûnein

Home > Inwoners > Mûnein

Mûnein

(682 ynwenners) Mûnein waard earst yn 1948 in selsstannich doarp, foarhinne wie it in part fan Oentsjerk. De namme Trynwâlden hat neat te krijen mei it kostlike ferhaal fan Tryntsjemuoi, mar is in Aldfryske tredde namfal, mei de betsjutting: yn de trije wâlden. En dêr blykt dan ek fuortendaliks út dat wy hjir te meitsjen hawwe mei fan âlds boskige omkriten. Trynwâlden bestie oarspronklik út in sâneilân, alhiel ôfsletten. De sosjaal ynstelde Theodorus van Welderen baron Rengers hat hjir yn 1898 in flaaksfabryk stichte om de wurkgelegenheid yn dizze omkriten te ferbetterjen. Oant 1968 hat it fabryk yn bedriuw west. It gebou is no yn gebrûk as “Thomashuis”, in lyts opfanghûs foar minsken mei in ferstanlike handicap. De skoarstien is restaurearre en oerbleaun as oantinken oan ‘e eardere funksje.

Contact opnemen

Raadhuisweg 7
9251 GH Burgum (adres en route)

gemeente@t-diel.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!
06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Suggesties voor verbeteringen van deze website?