Klaas Koopmans, skilder

Home > Inwoners > Klaas Koopmans, skilder

Klaas Koopmans, skilder

(1920 - 2005)

Klaas Koopmans jilde yn Fryslân as ien fan de meast oarspronklike skilders fan syn generaasje. Hy is yn 1920 berne yn Garyp, in doarp dat er altyd trou bleaun is.

Nei de legere skoalle hat syn heit him oplaat ta hússkilder. Letter waard er selsstannich skilder yn it doarp. Tekenjen en skilderjen wie fan syn bernejierren ôf syn grutte leafhawwerij.

Hy kriich lessen fan Joop Kloek út Twizel en Herman Dijkstra út Grins, mar eigentlik hat er himsels foarme en hy ûntwikkele in alhiel ekspresjonistyske skildertrant. It Fryske lânskip en de minsken yn syn direkte omjouwing wienen dêrby syn wichtichste ûnderwerpen.
Ek wie er bekend om syn eigensinnige skilderijen en emosjonele tekeningen dy’t er makke fan syn oare pasjinten yn ‘e psychiatryske sikehuzen “Zuidlaren” en Frjentsjer. Klaas makke nei WO II diel út fan de Fryske skildersgroep “Yn ‘e line”.

Wurk fan Klaas Koopmans is û.o. te finen yn ‘e kolleksje fan Galerie Koopmans yn Earnewâld; Museum Smallingerland yn Drachten; Museum Belvédère yn Oranjewâld by It Hearrenfean en Museum dr. Guislain yn Gent. Yn 2000 is Klaas Koopmans beneamd ta “Ridder in de Orde van de Nederlandse Leeuw”.

Contact opnemen

Raadhuisweg 7
9251 GH Burgum (adres en route)

gemeente@t-diel.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!
06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Suggesties voor verbeteringen van deze website?