Jistrum

Home > Inwoners > Jistrum

Jistrum

(955 ynwenners) Jistrum is in lyts doarpke mei in moaie buorren en in alderaardichst tsjerkje mei sealtektoer út de trettjinde ieu. In pear jier ferlyn is it restaurearre; oarspronklik moat it in reiden tek hân hawwe. De âlde romanogoatyske styl wurdt wat trochbrutsen troch de beide ruten op ‘e súdkant fan de tsjerke. Nei alle gedachten binne dy oanbrocht yn de tiid fan de Reformaasje.

De nammen Ees, Iest (oars wol: Geest) tsjutte hege grûn oan. Dêr sille ek al betiid bewenners west hawwe. Ek Jistrum hie in man mei bysûndere jeften: Joost Wiersma! Hy wie krûdedokter foar minske en bist en die in soad foar it doarp en de muzykferiening. Dêrom hjit dy hjoeddedei noch fan “Joost Wiersma”. Sels ferstoar Joost Wiersma yn 1927 yn de âldens fan 83 jier.

Contact opnemen

Raadhuisweg 7
9251 GH Burgum (adres en route)

gemeente@t-diel.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!
06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Suggesties voor verbeteringen van deze website?