Hurdegaryp

Home > Inwoners > Hurdegaryp

Hurdegaryp

(4933 ynwenners) Al wer in doarp dat net ûntstien is op it plak dêr‘t it no leit! De earste minsken setten harren nei wenjen op in heger stik sângrûn oan de súdkant fan wat no it doarp is. Dêr lei ek it earste paad fan Ljouwert nei Grins (de Simmerdyk). De âlde 13de-ieuske tsjerke waard ôfbrutsen; in pear stiennen jouwe (yn it Koopmansboskje) noch it plak oan dêr’t er stien hat. Yn 1714 kaam der in nije tsjerke yn ‘e nije buorren. Nijsgjirrich binne de sierlik bewurke grêfstien út de âlde tsjerke, in stikmennich famyljebanken en in moaie preekstoel. Oant mids 19de ieu hearde Gaestmabuorren ûnder Hurdegaryp (no: Burgum).

Yn de Grovestins dy‘t dêr stien hat, op Reitsma State en op Bennema State wennen lânhearren en heareboeren mei ynfloed! Oer Bennema State giet it ferhaal dat it der ek wolris spoeke hat! Hoe kin oars ferklearre wurde dat de stekken fan Bennema State yn de tiid dat dokter Bontekoe der wenne, om tolve oere nachts steefêst iepen giene, ek al hie men se earder kreas yn ’t slot falle litten...? Bennema State is no in hûs foar de âlderein.

Oarspronklik wurken de Hurdegarypsters yn de feanterij en de fiskerij, earst letter leine se har ta op it boerebedriuw. Wie it earst in typysk rinteniersdoarp, yn de rin fan ’e tiid is wat langer wat mear in forinzeplak ûntstien. Nei it noarden ta leit it spoar út 1866.

Contact opnemen

Raadhuisweg 7
9251 GH Burgum (adres en route)

gemeente@t-diel.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!
06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Suggesties voor verbeteringen van deze website?