Hendrik Bulthuis

Home > Inwoners > Hendrik Bulthuis

Hendrik Bulthuis

(1892 - 1948) 

Skearbaas en kapper wie der fan syn fak, mar syn hert wie faak by de wettersport. Dêr leine ek syn idealen.

“Hindrik, der leit in frjemde boat op ‘e Daam!” Yn ‘e doar fan de kapperssaak stiet in jonge. Skearbaas Hindrik Bulthuis hat krekt in klant ynsjippe. Oan skearen komt der lykwols net ta. 

It boadskip fan de jonge hat him sa yn ‘e besnijing, date er syn saak útrint en nei de Burgumerdaam ta stekt. Earst wol er de frjemde boat bewûnderje, de feint kin de klant wol helpe”.

Dy anekdoate wurdt ferteld oer Hindrik Bulthuis, skearbaas oan ‘e Legewei te Burgum. Skearbaas en kapper wie der fan syn fak, mar syn hert wie faak by de wettersport. Dêr leine ek syn idealen. Jierren hie er der fan dreamd om mear minsken yn steat te stellen om ek oan wettersport te dwaan. Dat wie yn dy tiid foar lang net elkenien weilein. Boatsjefolk wie elitefolk. Bulthuis makke syn ideaal wier troch it ûntwerpen fan in boat, dy ’t ek de lytse man mei op syn minst ien rjochterhân sels meitsje èn betelje koe: de B.M.- er, neamd nei de mar, dêr ’t hy graach op tahâlde. It waard net de prikkeboat, sa’t guon minsken seinen, mar in stabyl skipke dat mei alle winen sylt en net om te krijen is. Bedoeld wurdt hjir de grutte B.M.-er (16m2), dy ’t er yn 1922 foar it earst boude. Mei syn boat hie er sukses: hieltiten faker ferskynde de BM-er op ‘e Fryske marren. By ien boat bleau it by Bulthuis lykwols net. Ek ûntwurp en boude er de lytse B.M.-er (12m2), al hielendal in skipke foar de lytse man mei in smelle beurs.

Yn 1942 kaam Bulthuis mei syn tredde boat: de “Bulthuisjol”, in fiif meter lang boatsje mei 10 m2 seil. De trilogy wie foltôge. Bulthuis, sa wie syn aard, hat syn útfinings net brûkt om der sels better fan te wurden. Oktroai op ‘e modellen hat er nea oanfrege

Contact opnemen

Raadhuisweg 7
9251 GH Burgum (adres en route)

gemeente@t-diel.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!
06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Suggesties voor verbeteringen van deze website?