Frysk taal- en kultuerbeleid in Tytsjerksteradiel

Home > Inwoners > Frysk taal- en kultuerbeleid in Tytsjerksteradiel

Frysk taal- en kultuerbeleid in Tytsjerksteradiel

Yn de 'Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Tytsjerksteradiel' is omskreaun hoe't de gemeente omgiet mei Frysk yn it skriftlik ferkear. De oardering docht rjocht oan it begjinsel fan twataligens.

Yn Tytsjerksteradiel libje, wenje en wurkje minsken dy't yn mearheid fan hûs-út Frysktalich binne. Foar sawol it Frysk as it Nederlânsk is plak yn de brede rûnte fan it maatskiplik libben dêr't de gemeentlike oerheid ek ûnderdiel fan útmakket.

Nei't Tytsjerksteradiel yn de rin fan de santiger jierren earst proef- en ynfieringsgemeente wie, hie ús gemeente yn 1982 in lanlike primeur mei it formulearjen fan in eigen gemeentlik taalbelied. Tytsjerksteradiel waard dêrmei  mei yngong fan 1982 foarbyldgemeente foar it Frysk.

It "Beliedsplan Frysk yn it offisjele ferkear fan Tytsjerksteradiel"  joech dêrta de spulregels oan. Yn 1988 is dat "Beliedsplan Frysk yn it offisjele ferkear" evaluearre en doe die bliken dat der noch wat te min praktyske oanknopingspunten yn stienen. Ek wie der noch gjin sprake fan in wetlike basis foar it taalbelied.

Yn april 1991 naam de ried it beslút om in nije nota skriuwe te litten, dy 't in tydlik karakter ha soe. De nota krige de namme "Yn- en útfieringsnota Frysk". Wichtichste doelstelling wie it ferheegjen fan it draachflak foar it Frysk op allerhande mêd. De nota soe jilde oant it Fryske taalbelied dat de gemeente foarstie ek wetlik tastien wie.

Yn 2002 is it beliedsplan Frysk Fitaal 2003 - 2008 troch de gemeenterie fêststeld, omdat de doe jildende maatskiplike werklikheid frege om in aktualisearring fan de eardere beliedsfoarnimmens. Op provinsjaal, lanlik en ek op Europeesk nivo hawwe har, mei it each op it gemeentlik taalbelied, in tal wichtige feroarings foardien. Dêrnei is, as oanfolling op it beliedsplan fan 2002, de notysje Frysk Fitaal II yn 2007 fêststeld

Utgongspunt fan ús belied Frysk moat yn alle gefallen wêze: de taal linich en posityf tapasse, sa, dat minsken har bewust wurde fan 'Frysk dêr't it kin, Nederlânsk dêr't it moat'.

Yntinsjeferklearring mei provinsje Fryslân en oare gemeenten yn Fryslân

Yn novimber 2006 hat wethâlder Houkje Rijpstra in yntinsjeferklearring Frysk taalbelied tekene oer it skriftlik brûken fan it Frysk mei de provinsje Fryslân en seis oare Fryske gemeenten. De yntinsjeferklearring hat ta doel it skriftlik Frysk taalgebrûk tusken provinsje en gemeenten te befoarderjen.

De gemeenten Boarnsterhim, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel, Littenseradiel, Menameradiel, Tytsjerksteradiel, Wymbritseradiel en de provinsje Fryslân hawwe de yntinsje om fan no ôf oan ûnderling yn it Frysk te briefkjen oer bygelyks subsydzje-oanfragen of beswierskriften. Rapporten en nota's wurde safolle mooglik yn it Frysk publisearre, mar as soks net tastien is wurdt fan nota's in Frysktalige gearfetting makke.

Oardering Frysk yn it skriflik en mûnling ferkear

Yn de 'Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Tytsjerksteradiel' is omskreaun hoe't de gemeente omgiet mei Frysk yn it skriftlik en mûnling ferkear. De oardering docht rjocht oan it begjinsel fan twataligens. Dit hâldt yn dat de gemeente in kar makket foar it brûken fan de Fryske òf de Nederlânske taal.

Contact opnemen

Raadhuisweg 7
9251 GH Burgum (adres en route)

gemeente@t-diel.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!
06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Suggesties voor verbeteringen van deze website?