Earnewâld

Home > Inwoners > Earnewâld

Earnewâld

(404 ynwenners) Ien fan de lytste, mar ek ien fan de âldste doarpen yn ús gemeente is Eastermar. Boppedat wie it yn de 18de ieu it rykste doarp! Dat koe troch de feanterijen, dy’t der ek oan tadienen dat hjir ien fan de moaiste wettergebieten fan it lân ûntstie. Wettersporters meitsje der drok gebrûk fan; ien fan de hichtepunten is elts jier wer it skûtsjesilen. Yn Tytsjerksteradiel is Earnewâld it twadde doarp mei in eigen skûtsje (mei de letter E), dat yn behear is by de stifting “It Earnewâldster Skûtsje”.

It wetter hat Earnewâld yn it ferline ek gauris ta lêst west. It doarp leit sels wol op in sânrêch, mar fakentiids moast men by ’t winter mei boatsjes oer de grintdyk nei Garyp, sa heech stie it wetter. De namme Princenhof is ûntstien doe’t Fryske steedhâlders yn de Alde Feanen in jachtslot bouden.
"It kokelhûs fan Jan en Sjut”, Flietsteech 16, is in âld feantershúske en it âldste museum fan ‘e gemeente. Fierder binne hjir ek it Skûtsjemuseum en it Frysk Lânboumuseum te finen.

Contact opnemen

Raadhuisweg 7
9251 GH Burgum (adres en route)

gemeente@t-diel.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!
06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Suggesties voor verbeteringen van deze website?