Doutzen Kroes

Home > Inwoners > Doutzen Kroes

Doutzen Kroes

(1985) 

Doutzen Kroes is in ynternasjonaal topmodel. Hja is hikke en tein yn Eastermar. Meastentiids wennet se yn har appartemint yn New York.

´╗┐Nei't se slagge wie foar de hafû, stjoerde se in pear fakânsjefoto's nei it modelleburo Paparazzi yn Amsterdam. Se woe graach wat byfertsjinje. It smiet mear op as se ferwachte hie, want binnen twa jier wie se op itselde nivo as oare topmodellen. Doutzen rint moadeshows foar Versace, Dolce & Gabbana en Gucci en se is it nije gesicht fan de parfumrige fan Calvin Klein.

Doutzen hat yn 2009 yn Amsterdam de Lifetime Achievement Award wûn. Om't se al op sa'n jonge leeftyd it heechst helbere yn in modellekarriêre berikt hat, wie de sjuery it unanym iens oer it takennen fan de award. Ek waard se útroppen ta Miss Nederland Positief. Se hat dy titel te tankjen oan har positive útstrieling; se is nofteren, beskieden en in rolmodel foar jonge modellen.
Yn novimber 2010 is se yn Amsterdam troud mei dj/rapper Sunnery James. Op 21 jannewaris 2011 waard harren earste berntsje berne, in jonkje, Phyllon Gorré.

Contact opnemen

Raadhuisweg 7
9251 GH Burgum (adres en route)

gemeente@t-diel.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!
06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Suggesties voor verbeteringen van deze website?