Aldtsjerk

Home > Inwoners > Aldtsjerk

Aldtsjerk

Aldtsjerk hat 669 ynwenners.

As wy nochris neifreegje hoe‘t de bosk oan dy frjemde namme komt, hearre wy dat it allegear te meitsjen hat mei steatsobligaasjes út Turkije en Grikelân. Aldtsjerk hat in (fan oarsprong N.H.) tsjerke mei in sealtektoer. It ynterieur is ien fan de moaiste Fryske foarbylden fan in harmonieus protestantsk tsjerke-ynterieur mei ynfloeden út de adel. De toer en de tsjerke út de 12de ieu binne restaurearre. Yn Aldtsjerk kin jo namme yn it kafee op ‘e balke komme, mar dan moatte jo winterdeis wol as earste op redens fan Ljouwert yn Aldtsjerk oankomme!

Yn Aldtsjerk stiet De Klinze (boud om ende by 1680), foarhinne Aysma State, bewenne troch Hessel van Aysma en letter jonker Hobbe van Baerdt van Sminia. De Cammingha State (fan de Heemstra’s) is der al lang net mear. Earder moasten jo, om fan de tsjerke op it Eysingapaad te kommen, in brede grêft oerstekke, no hoecht dat net mear.

Contact opnemen

Raadhuisweg 7
9251 GH Burgum (adres en route)

gemeente@t-diel.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!
06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Suggesties voor verbeteringen van deze website?