Age Looxma Ypeij

Home > Inwoners > Age Looxma Ypeij

Age Looxma Ypeij

(1833 - 1892)

De skiednis fan Age Looxma Ypeij begjint net yn 1833 by syn berte, mar ieuwen earder. Syn dûbele namme, gearstald út de namme fan syn heit en syn mem, lit gelyk sjen wat der in generaasje foar him byelkoar kaam: Looxma en Ypeij.

Hy wie it risseltaat fan in alliânsje tusken twa famyljes: de Looxma’s en de Ypeij’s, in soan fan Nicolaas Ypeij en Baudina Looxma. Beide famyljes hearden yn ‘e njoggentjinde ieu ta de “grote burgerij”, dat wol sizze dat se lid wienen fan de adellike en patrisyske boppelaach fan de mienskip (dy‘t om ende by 3% fan de befolking útmakke). Om safier te kommen hienen se yn ‘e santjinde en achttjinde ieu in lange wei ôflizze moatten, in lange mars omheech. Se hienen sukses hân, oare famyljes net.

Yn harren houlik kamen de beide famyljetradysjes byelkoar, dy fan it jild fan de Looxma’s en dy fan it ferstân fan de Ypeij’s. It yn dy tiid troch Nicolaas Ypeijs skoanheit oankochte Vijversburg wie net folle mear as in hûs by in pleats op in net al te grutte kavel. Nicolaas Ypeij makke – yn de jierren nei de dea fan syn skoanheit yn 1843 – it hûs en letter de grûn, nei de foarm yn elts gefal, sa’t dy hjoeddedei binne. Hy bruts de neistlizzende pleats ôf, fergrutte yn in oantal etappes it hûs en kocht omlizzende perselen oan om it park yn Ingelske lânskipsstyl oan te lizzen.

Yn 1869 ferstjert Nicolaas en Baudina bliuwt efter mei har soan Age. Yn 1890 ferstjert Baudina en yn 1892 Age, dy’t nea troud is en dus ek gjin bern hie.

Yn syn testamint mei de wurden ‘Tot aandenken aan mijne moeder’ wurdt û.o. regele dat der in stichting ‘Op Toutenburg’ oprjochte wurdt dy’t as taak hat it park en de filla te ûnderhâlden en de buorkerijen yn Tytsjerksteradiel te behearen. Boppedat moat de stichting in ‘huis met twintig kamertjes’ bouwen. Dy keammerkes wienen bedoeld foar tweintich fan de meast behoeftige echtpearen fan de trije doarpen Tytsjerk, Ryptsjerk en Hurdegaryp. De hûskes binne der hjoeddedei noch en steane op Swarteweisein op it plak dêr‘t eartiids it slot fan Schenk van Toutenburg stie. De porsleinkolleksje fan de famylje, dy’t bestie út 50.000 stiks, waard legatearre oan ‘e provinsje Fryslân en hat koart te sjen west yn it Fries Museum. Sûnt 2007 is de kolleksje te sjen yn museum Princessehof yn Ljouwert.

Contact opnemen

Raadhuisweg 7
9251 GH Burgum (adres en route)

gemeente@t-diel.nl

Telefoonnummer 14 0511
Bellen vanuit het buitenland
Bereikbaarheid bij calamiteiten

Openingstijden

Heeft u een vraag? WhatsApp ons!
06 21 15 48 97. Het is niet mogelijk om naar dit nummer te bellen of een sms te sturen.

Suggesties voor verbeteringen van deze website?