Rommert Dijk

Home > Eefkes foarstelle > Rommert Dijk

Rommert Dijk

Wenplak: Burgum

Bertedatum: 29 novimber 1955

Berop: direkteur basisskoalle CBS De Winde yn Hurdegaryp

Hobby: sjonge (Burgumer Manljuskoar), sile yn Fryslân

Frijwilligerswurk: 9 jier lid west fan Kulturele Kommisje de Pleats  Burgum

Politike partij:FNP

Ik wurd bliid fan: 

moaie natuer en kultuer.

Ik lis wekker fan:

rânestêd-belied en te min omtinken foar ús plattelân.   

Ik woe riedslid foar myn partij wurde omdat:

ik my graach ynsette wol foar de belangen fan de boargers fan ús moaie gemeente.

Myn ambysjes foar dizze riedsperioade binne:    

dat it wolwêzen sintraal stean bliuwt, foldwaande wurkgelegenheid, goed ûnderwiis, goede soarch tichtby de minsken, behâld fan de kwaliteit fan it lânskip. 

Op myn nachtkastje leit:  

it boek Nelson Mandela, 15 lessen over leven, liefde en leiderschap.

Myn winsk:

dat noch in protte generaasjes fan ús taal en kultuer, skjinne loft en wetter en in moai lânskip genietsje kinne.

Dit wol ik noch kwyt:

net Den Haag mar de ynwenners fan Fryslân oan it stjoer!

Ha jo in fraach oan my? Wolle jo noch wat kwyt?

Graach! Jo kinne my maile op it adres: rdijk@ried-info.nl