Dúdlikheid oer behear wâlskanten lâns Fryske farwegen
Op tongersdei 28 maart hawwe de fjirtjin gemeenten fan it Fryske fêstelân, Wetterskip Fryslân en Provinsje Fryslân in gearwurkingsoerienkomst ûndertekene foar it behear fan wâlskanten yn Fryslân. Sa is dúdlik wa't foar it behear fan de wâlskanten lâns de 1760 kilometer oan Fryske farwegen ferantwurdlik is.