Op tongersdei 28 maart hawwe de fjirtjin gemeenten fan it Fryske fêstelân, Wetterskip Fryslân en Provinsje Fryslân in gearwurkingsoerienkomst ûndertekene foar it behear fan wâlskanten yn Fryslân. Sa is dúdlik wa't foar it behear fan de wâlskanten lâns de 1760 kilometer oan Fryske farwegen ferantwurdlik is.

Fryslân is dé wetterprovinsje fan Nederlân, dêr't rûnom fearn wurde kin op kanalen, fearten en marren. Wa't ferantwurdlik is foar it behear en ûnderhâld fan dizze wâlskanten, wie net altyd like dúdlik. Dêrom hawwe de mienskiplike oerheden wurke oan in heldere ferdieling, dy't op in kaart werjûn is. Dy kaart is te finen op www.fryslan.frl/oeversvaarwegen(externe link).

Mei dy kaart ûntstiet ynsjoch wa't hokker wâlskant beheare sil. Faak is dat ien fan de oerheden. Yn guon gefallen binne it boargers of bedriuwen. Under beskate betingsten kinne sy dêr in finansjele bydrage foar krije. Nei ferwachting set dy subsydzjeregeling foar de simmer 2024 fan útein.

Meardere belangen

In wâlskant tsjinnet faak meardere belangen. Sa sette provinsje en gemeenten harren yn foar it behâld fan de farwegen. Wetterskip Fryslân soarget foar in goede oan- en ôffier fan wetter en dêrfoar moatte wâlskanten tsjin sterke streaming kinne. En soms moat in wâlskant fersterke wurde om in efterlizzende tún, greide of dyk te beskermjen. Dêrom is it wichtich dat dúdlik is wa't de behearder fan in wâlskant is

Ferdieling ferantwurdlikheid

By de ferdieling fan it behear lâns de offisjele Fryske farwegen is sjoen wa't it measte belang hat by in goed ûnderholden wâlskant. Dy partij is dan ferantwurdlik foar it behear en ûnderhâld. As der meardere belangen binne, betellet de oerheid somtiden mei fia in subsydzje. Mei it ûndertekenjen fan de gearwurkingsoerienkomst Oevers en Vaarwegen is de ferantwurdlikheid foar it behear en ûnderhâld fan alle wâlskanten lâns de farwegen formeel fêstlein. Sa witte boargers, bedriuwen én oerheid fan no ôf wêr't se oan ta binne.